Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Boppedat: Nij yn Fryslân

Boppedat: Nij yn Fryslân

27 Oktober 1994

It Fryske lesprogramma "Nij yn Fryslân" is gearstald troch de Afûk en makke yn gearwurking mei Omrop Fryslân Televyzje. De lessen binne bedoeld foar minsken dy't nij yn Fryslân komme en de taal net kenne. Yn de studio ien fan de inisjatyfnimmers, Koen Eekma. En de Fryske reedriders Falko Zandstra, Ids Postma en Rintje Ritsma traine dizze wike foar it earst wer op it iis fan Thialf, ûnder lieding fan de nije coach Wopke de Vegt.

No Wy: Boot

No Wy: Boot

21 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering is in film te sjen fan Mirjam de With. Se docht foar de twadde kear mei oan No Wy. Se hat ek it skript fan Boot skreaun. In ploechje fan fjouwer freonen fiert fakânsje op in boat as in frjemde man oan board komt. Hy bynt se fêst, mar Kim net. Dy beskôget er as syn dochter en mei har wol er fakânsje fiere. Uteinlik docht bliken dat de man in psychopaat is en wurdt elkenien befrijd. De man wurdt ophelle troch psychiaters.