No Wy: Boot

21 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering is in film te sjen fan Mirjam de With. Se docht foar de twadde kear mei oan No Wy. Se hat ek it skript fan Boot skreaun. In ploechje fan fjouwer freonen fiert fakânsje op in boat as in frjemde man oan board komt. Hy bynt se fêst, mar Kim net. Dy beskôget er as syn dochter en mei har wol er fakânsje fiere. Uteinlik docht bliken dat de man in psychopaat is en wurdt elkenien befrijd. De man wurdt ophelle troch psychiaters.