Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De Nije Moanne: It talint

De Nije Moanne: It talint

08 Desimber 1991

We sjogge by trije jonge talinten.Turnster Hester Atsma (12) út Tsjalbert traint 20 oeren yn de wike. We sjogge op de training, trainer Jan Willem Veen komt oan it wurd. Natuer- en skiekundige Christiaan Kok (18) út Drachten studearret yn Grins en docht oan ynternasjonale wedstriden mei. Floris te Boekhorst (12) út Ljouwert hat al sûnt syn fiifde selloles. We sjogge by de les fan syn Tsjechyske dosint Jircka Prchal en by de repetysje fan it Frysk Jeugd Orkest.

Wyn op Woansdei: NLP

Wyn op Woansdei: NLP

24 Novimber 2004

Programmamakker Evert van den Berg socht syn âld-learling Anja Doorn-Scheper út Wolvegea op. It giet har foar de wyn: se is direkteur fan skildersbedriuw FROM (25 wurknimmers), hat in aardige man en trije lytse bern en se hat krekt bûten Wolvegea in grut nij hûs sette litten. Mar der is in probleem: Anja kin net oer krityk. Se hat der sa bot lêst fan, dat se help socht hat. Dy hat se fûn yn NLP (Neuro Linguïstysk Programmearjen). Se folget kursussen, docht oefeningen en krijt help fan 'personal coaches'.