Wyn op Woansdei: NLP

24 Novimber 2004

Programmamakker Evert van den Berg socht syn âld-learling Anja Doorn-Scheper út Wolvegea op. It giet har foar de wyn: se is direkteur fan skildersbedriuw FROM (25 wurknimmers), hat in aardige man en trije lytse bern en se hat krekt bûten Wolvegea in grut nij hûs sette litten. Mar der is in probleem: Anja kin net oer krityk. Se hat der sa bot lêst fan, dat se help socht hat. Dy hat se fûn yn NLP (Neuro Linguïstysk Programmearjen). Se folget kursussen, docht oefeningen en krijt help fan 'personal coaches'. It 'model' foar Anja wie direkteur van Siton Suzenaar op It Hearrenfean, Jan Henk Veenhouwer. Evert van den Berg folget har thús, op it wurk en by de kursus.