Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_200601_SWIMME

Sadwaande: Swimme

20 Juny 2001

Dizze Sadwaande giet oer swimme. We sjogge by swimparadizen, lykas de Blauwe Golf yn Ljouwert. Bern fine it moai, mar it is dreech om de eksploitaasje rûn te krijen. We sjogge by swimbad De Welle yn Drachten hoe't de suvering wurket en we sjogge by de swimles. En by trije talinten fan swimklup DZPC. Prinses op learzens docht oan syngroanswimmen.

Wurktiid TV: Koga Miyata op It Hearrenfean

Wurktiid TV: Koga Miyata op It Hearrenfean

15 Jannewaris 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it fytsefabryk Koga Miyata op It Hearrenfean, dêr sille se tenei 45 oeren yn de wike wurkje. Yn de nije rubryk fraach en oanbod siket ien in keukenferkeaper yn Drachten en biede twa minsken op it arbeidsburo fan Bûtenpost har tsjinsten oan. Ek nij is de rubryk 'bêst wurdearre kollega', dy is foar O. Hulshof fan Broersma transporten yn Strobos.

SPEGELS_300301_WR

Spegels: Bitterswiet fan Tiny Mulder

30 Maart 2001

Douwe Heeringa praat mei skriuwster Tiny Mulder oer de bondel Bitterswiet mei har sammele poëzij, útbrocht om't se yn 2001 tachtich jier waard.