Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sinteklaas yn AZC

Sinteklaas yn AZC

25 Novimber 2004

It is wichtich dat allochtoane bern leare oer Nederlân. It Wolkentheater organisearret mei dizze gedachte in foarstelling oer Sinteklaas foar de bern fan it AZC yn Dokkum.

180705_SADWAANDE_OER_SMOKE_17_02_1999.mp4

Sadwaande: Smoke

17 Febrewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer smoken. We sjogge by in tabakssaak dêr't ek de lúksere sigaren ferkocht wurde en by it genoatskip fan sigaresmokers dy't oer de keunst fan it sigaar-smoken fertelle. Op hieltyd minder plakken mei minsken smoke. Op it gemeentehûs en yn it sikehûs yn Snits binne aparte smookromtes. In foarljochtingsfilm wiist op de gefaren fan smoken en de longarts fertelt dêr ek oer.

Fytsalvestêdetocht 1998

Fytsalvestêdetocht 1998

01 Juny 1998

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 1998.