Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tet fan it stoart 3: Offalskieding

Tet fan it stoart 3: Offalskieding

26 Jannewaris 1999

Tet fan it stoart is in programma fan skoaltelefyzje. Presintatrise Maaike Schuurmans sjocht wat der noch mooglik is fan ôffal, lykas recycling en kompost en leit it belang út fan it skieden fan ôffal.

LTV_WR_Bommen-ut-e-bosk

Bommen út de bosk

24 April 2005

Fan ein septimber 1944 ôf wurde út de bosk fan Riis santich V2-raketten wei sketten. De ferjildingsaksje fan de Dútsers hat as doel Ingelân en de haven fan Antwerpen. Yn Gaasterlân makke dat in grutte yndruk. Tsjûgen fertelle oer dy tiid en der is in soad argyf te sjen út de Twadde Wrâldoarloch, it fabryk dêr't de raketten makke waarden en de skea troch de bombardeminten yn Antwerpen.

Spegels: Simon Vestdijk en dancefestival

Spegels: Simon Vestdijk en dancefestival

30 Oktober 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering de skriuwer Simon Vestdijk, de akwarellen fan Itte Zwaginga en in reportaazje oer in tal DJ's op it dancefestival: Northern Dance Experience.