Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SOKRATES_FR_160901_WR

De Fryske Sokrates (diel 1)

16 Septimber 2001

Frans Hemsterhuis (1721-1790) fan Frjentsjer wie in filosoof, en like grut as Erasmus en Spinoza. Kenners en ûndersikers fertelle oer syn libben, wurk en betsjutting. Syn heit wie heechlearaar Gryksk oan de Frjentsjerter universiteit.

Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 2)

Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 2)

18 Febrewaris 1990

Programmamakker Piter Tjeerdsma praat mei Reinder Schaap, berne yn Dearsum, en no lânbou-attasjee yn Hong Kong. Hy fertsjinwurdiget it ministearje fan Lânbou en spilet dus in grutte rol by de suveleksport fan Nederlân. Der binne mear Friezen om utens: Klaas Oreel sit yn de fiskerij en Gjalt Ytsma hat seeskippen yn Hong Kong. Tjeerdsma folget Reinder Schaap by ferskate bedriuwen del lykas in roazekwekerij en fertelt oer de hannel mei de Sinezen.

LTV_WR_Portret-Ger-Harmsen

Tsjin de stream: portret fan Ger Harmsen (1922-2005)

01 Maaie 2005

De Amsterdamske timmermanssoan Ger Harmsen wenne sûnt ein jierren sechtich yn De Knipe, yn in pleatske dat er 'De Weegbree' neamde. De kenner fan de arbeidersbeweging, sosjale skiednis en grut leafhawwer fan natuer hie dêr in grutte biblioteek. In dei foar't de opnamen foar de dokumintêre begûnen, kaam Harmsen te ferstjerren. Hy wie 82 jier. Ferskate minsken komme oan it wurd oer de alsidige persoan Harmsen en syn betsjutting op allerhanne mêd. Dat giet fan moassen oant fakbûn en fan lânarbeider Imke Klaver oant Karl Marx. Yn argyfbylden komt Harmsen sels ek oan it wurd.