Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

OEROL_KOMPILAASJE_1997

Kompilaasje Oerol 1997

26 Juny 1997

In gearfetting fan de foarstellings op Oerol 1997, yn in ko-produksje fan Omrop Fryslân, VPRO en Oerol.

Sjoch mar: Rugby

Sjoch mar: Rugby

10 Novimber 1997

In jier derfoar gong it hielendal mis: de rugbywedstryd tusken Drachten en it Hearrenfean. De teams ha it útpraat, mar wie dat genôch? Ferslachjouwer Albert Jensma siket de teams op as se wer tsjin mekoar moatte.

Wyn op Woansdei: Sosjale winkel

Wyn op Woansdei: Sosjale winkel

24 Septimber 2003

Programmamakker Gerard van der Veer sjocht by de Sosjale winkel. Dêr kinne minsken yn finansjele need foar hulp en advys oanklopje.Hy praat mei ferskate kliïnten, bygelyks mei hierskuld of dy't op strjitte libje, en mei de meiwurkers. It tal oanfragen nimt hieltyd mear ta, de meiwurkers kinne it wurk amper mear oan.