Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Van Tuinen Thús by Arie Ribbens

Van Tuinen Thús by Arie Ribbens

18 July 2001

Thús by folkssjonger Arie Ribbens yn Beetstersweach, bekend fan û.o. 'Brabantse Nachten Zijn Lang'.

CAMPING_6_WR

In dei op de camping 6: Terpstra op Skylge

27 Augustus 1997

Sfearympresje fan de camping en de gasten. Terpstra is ferneamd as jongerecamping, der kinne wol tûzen teplak. Dus sitte der allegear groepkes jeugd foar in (leger)tinte mei om har hinne fleskes bier en kretten bier. De motorklup komt der ek. Nei it útgean hat de jeugd honger en moatte se fol oan de bak yn de groepsromte fan de camping.

ABD-sjoo 0404

ABD-sjoo 0404

21 Desimber 2004

Yn de fjirde ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen It Haskerplak út Aldehaske en de Immanuelskoalle út Noardburgum it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we yn it Fries Museum by houliken yn de 16de en 17de iuw, befeiligingsbedriuw Securicor en by it wurk fan de EHBO. Te gast is Mariska de Boer mei in ikehouten skoaltasse. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).