Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_De-nije-ruilferkaveling_WR

Nije ruilferkaveling

07 Oktober 2007

Sûnt 1990 wurket de oerheid oan it realisearjen fan in oaniensletten netwurk fan beskerme natuergebieten: de ekologyske haadstruktuer. De EHS moat yn 2018 klear wêze en dan ha we der yn Nederlân 275.000 hektare nij natuergebiet by. As foarbyld sjogge we by it Alddjip tusken Bakkefean en Beetstersweach. We prate mei foar- en tsjinstanners, mei boskwachter, boeren en kommisjeleden. Mei (op argyfbyld) Sicco Mansholt.

Wurktiid TV: Putsjebedriuw fan Jelmer Quak

Wurktiid TV: Putsjebedriuw fan Jelmer Quak

18 Juny 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it putsjebedriuw dat Jelmer Quak sels oprjochte hat yn Ljouwert. Hy komt by partikulieren en ek by bedriuwen lykas swimbad Kealledykje. Bêste kollega is konsjerzje Frans van der Heide fan de basisskoalle op De Westereen. By Wassenaar hydraulyk sykje se minsken en der is wer in oprop.

IIstransplantaasje

IIstransplantaasje

30 Jannewaris 1996

Gearwurkje sadat de Alvestêdetocht trochgean kin, dat wie it idee. Tsientallen frijwilligers hawwe ein jannewaris 1996 de brânwacht holpen mei in iis-transplantaasje om in wek ûnder in brêge yn Boalsert ticht te krijen.