Tritigers 0205: Ferlies

14 Oktober 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it fyfde diel fan de twadde searje in oangripend ferhaal fan Froukje de Groot. Har man Chris wie 32 doe't moarchpiidkanker konstatearre waard. Hy hat noch twa jier libbe doe't sy mei trije lytse bern allinnich kaam te stean. Yn de reportaazje in portret fan Nyk de Vries, skriuwer, muzikant en filmer, in moderne "vagebond" mei mar leafst fjouwer huzen. Hy tinkt der noch net oan om him te setteljen.