Tritigers 0106: Skulden

10 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sechsde diel giet it oer skulden. Ger Jaarsma fan de Kredytbank leit út hoe't it komt dat safolle tritigers skulden ha. Yn de reportaazje folgje we Taco Viersma dy't mei syn soan nei it fuotbaljen fan Drachtster Boys giet.