Tritigers 0204: Wurk

30 Septimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it fjirde diel fan de twadde searje in reportaazje oer Jelte Groen. Hy wie 32 doe't er as beropsmilitêr nei Srebrenica gong dêr't er ien fan syn manlju ferlear. Ek in reportaazje oer Zout Hout, it bedriuw fan Piety de Jong en Rick van Dongen. Mei hout dat se op it strân fan Skylge jut hawwe, meitsje se meubels en wenaksessoires.