Tritigers 0203: Reklame

16 Septimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it tredde diel fan de twadde searje sjogge we by in pear âld-panelleden, Jantien, Kees en Bert. In reportaazje oer reklame en tritigers, in drege doelgroep. Mei fotograaf Martin Rijpstra en kommunikaasjesaakkundige Wytze Visser besjogge we in pear typyske tritigersreklames.