Sybe Satellyt 0703

08 Novimber 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sake Roodbergen fertelt oer siedsjes fan ûnder oare reuzebalsemyn, wylde roas en de esk. Fierder praat er mei muzikante Corinne Staal. Se is blyn en hat help fan in hûn dy't spesjaal oplaat is om te helpen. Monique de Jong leit út hoe't sokke hûnen traind wurde.