Sybe Satellyt 0106

09 April 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe sjocht by it wurk fan de brânwacht, hoe't se by in melding útride en hoe't se oefenje om ien út in auto te befrijen, wat se dogge by in hûs fol reek en dat se in gastank mei skûm blusse moatte. Op de skoalle yn Easterwierrum sjocht Sybe by tal fan útfiningen fan de bern. En hy leart fan alles oer de das en de hoalen dy't er graaft en as lêste sjocht Sybe by it wurk oan it fiadukt yn de dyk by Grou en hoe't fan sân beton makke wurdt.