ABD-sjoo 0309

18 Maaie 2004

Yn de njoggende en lêste ôflevering fan it tredde seizoen ABD-sjoo wurdt de Fryske taalkwis hâlden. Learlingen fan tal fan basisskoallen nimme it tsjin elkoar op yn dit eksamen. It giet om De Korenaar út Aldebiltsyl, Sint Gregorius út Blauhûs, De Wyngert út Drachtsterkompenije, De Earnewjuk út Easterlittens, Trijegeasterhoek út Ousterhaule en It Pertoer út Weidum. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).