ABD-sjoo 0101

11 Septimber 2001

Yn de earste ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen It Harspit út Ternaard en De Tsjelke út Holwert it tsjin inoar op. It tema fan dizze ôflevering is doarp-stêd en dan benammen de âlderwetske saken, lykas drabbelkoeken, stedsomropper en kanonnen. Yn de filmkes sjogge we yn Sleat, Allingawier en Eksmoarre. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).