Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

JOHANVANDERZEE_FR_WR2

De lêste reportaazje fan Johan van der Zee

24 Maart 2002

Johan van der Zee wie de redakteur foar Fryslân by it telefyzjeprogramma Van gewest tot gewest. By syn ôfskied sjocht er werom en op de resepsje komme kollega's oan it wurd.
Van der Zee wurke by de RONO en kaam yn 1968 yn tsjinst yn Hilversum. We sjogge fragminten fan ferskillende reportaazjes dy't er makke, lykas syn earste op De Harkema, en we sjogge by de lêste reportaazje dy't er makket oer de gefolgen fan sâltwinning en de skea fan boaiemdelgong. Hy fertelt ûnder oare oer it foaroardiel dat bûten de Rânestêd elk op klompen rint en oer it brûken fan it Frysk.

Baas Boppe Baas 0409: Ein fan 'e ikker

Baas Boppe Baas 0409: Ein fan 'e ikker

01 Jannewaris 2004

Joukje fielt har de lêste tiid net sa lekker en se beslút om nei in sikehûs te gean. De diagnoaze is net sa bêst.

Tritigers 0107: Lifestyle

Tritigers 0107: Lifestyle

17 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sande diel giet it oer lifestyle. Joost Hagen en Jan Vincent Zantinge fertelle wêrom't se in binnenhûsarsjitekt yn de earm nommen ha. Yn de reportaazje komt Henk Koops oan it wurd.