Tritigers 0107: Lifestyle

17 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sande diel giet it oer lifestyle. Joost Hagen en Jan Vincent Zantinge fertelle wêrom't se in binnenhûsarsjitekt yn de earm nommen ha. Yn de reportaazje komt Henk Koops oan it wurd. Tsjin de stream yn giet it goed mei syn ict-bedriuw.