Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 26: Rjocht en ûnrjocht

LINKK 26: Rjocht en ûnrjocht

28 Novimber 2003

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer bernemishanneling. We prate mei minsken fan Bureau Jeugdzorg en mei psychiater Van Dantzig.

It ferhaal fan De Kast diel 2

It ferhaal fan De Kast diel 2

10 Septimber 2000

Foar de Nederlânske telefyzje is in dokumintêre makke oer ien fan de bekendste Fryske popgroepen. De manlju fan de Kast fertelle yn diel twa fan de dokumintêre oer de trochbraak en it sukses fan harren band.

Fryslân Dwerstroch 0203: Troch de stêd

Fryslân Dwerstroch 0203: Troch de stêd

25 Novimber 1997

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel trije fan de twadde searje is se yn de Fryske haadstêd, Ljouwert. Se fertelt oer de skiednis fan de stêd dy't ûntstien is út trije terpen. Stadichoan waard de stêd grutter en kamen der kleasters en stinzen (stiennen huzen). Se sjocht by de Grutte Tsjerke, de Aldehou, de feemerk, Ús Mem en it Friesch Rundvee Stamboek, suvelfabryk Friesland Dairy Foods en yn de Prinsetún.