Wâldrock: Duvelse muzyk yn de greide (2)

08 Juny 2003

Diel twa fan de dokumintêre oer Wâldrock. We sjogge foarút nei de edysje fan 2003, we sjogge achter de skermen mei de minsken fan de organisaasje en de opbou fan dizze edysje. Oan it wurd komt Paul Bosgra oer de oerstap nei metal yn 1992. En we sjogge werom op de 15de edysje fan 2002 mei de Fryske gothicmetalband Autumn en de Nederlânske band Within Temptation. We prate mei Nienke de Jong en Jens van der Valk fan Autumn en we mei Sharon den Adel en Robert Westerholt fan Within Temptation. Fierder sjogge we presintator Willem de Vries, Johan Koster fan it bestjoer. Ek binne der bylden fan de bands Arch Enemy, Alec Empire en slotact Motörhead. Fierder fertelt Margreet Triemstra oer har wurk as koördinator fan de frijwilligers en glêzespieler Teake van der Meulen. En we prate mei bandbegelieder Eric van der Linde, hy hellet iisblokjes by de fiskboer wei foar de whisky foar Motörhead, en buorman en boer Folkert Algra dy't it festival wol lije mei.