Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De chip haldt gjin skoft diel 1

De chip hâldt gjin skoft (diel 1)

06 Oktober 1988

'De chip hâldt gjin skoft' is in rige fan fjouwer útstjoerings oer automatisearring yn Fryslân. Yn de earste ôflevering kinne jo sjen nei hoe’t kompjûters wurkje.

Wurktiid TV: ALNN: agrarysk laboratoarium

Wurktiid TV: ALNN: agrarysk laboratoarium

07 Febrewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer ALNN, it agrarysk laboratoarium yn Drachten. Fjouwer mannen binne dat lab begûn dat kuil fan boeren ûndersiket op ferskate wearden. J. Swart en P. Dijkstra fan ALNN fertelle hoe't it wurket. Meunsternimmer J. de Jong lit sjen hoe't er in meunster by boer J. Kalma yn Jellum nimt út de kuilbulte. We sjogge ek by Kalma op de pleats mei kij.

Spegels: Bogerman Bigband en Sanne de Vries

Spegels: Bogerman Bigband en Sanne de Vries

27 Maart 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering de Bogerman Bigband fan Snits en teaterproduksje 'Sop' fan Sanne de Vries.