Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LUIEHOND_FR

Luie Hond

20 Jannewaris 2002

Luie Hond is in Nederlânsktalige reggaeband út Ljouwert dy't op it punt fan trochbrekken stiet. De groep bestiet út: Andries van Wieren, Joris Mous, Wyno Bruinsma, Marco van der Leest, Arjen Bras en Arjan Kiel. We folgje se by optredens yn Ljouwert en Enschede en de leden fertelle oer it ûntstean fan de band. Ek kultuerwethâlder Arno Brok, Sjouke Nauta (Friesland Pop) en sjoernalist Jacob Haagsma komme oan it wurd oer de popkultuer.

180703_SADWAANDE_IEPENBIERFERFIER_09_09_1998.mp4

Sadwaande: Iepenbier ferfier

09 Septimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer iepenbier ferfier. We sjogge op it stasjon fan Ljouwert, prate mei masinisten en we sjogge in filmke oer de magneetsweeftrein dy't 400 kilometer yn de oere hellet. Johan Frieswyk reizget alle dagen mei de bus fan Beetstersweach nei Ljouwert. Faak is de bus te let.

Skriuwers yn byld: Rink van der Velde

Skriuwers yn byld: Rink van der Velde

21 Maaie 1987

Ynterview mei de Fryske skriuwer Rink van der Velde (1932-2001). De populêre skriuwer fertelt op it wetter by De Feanhoop oer syn ynspiraasje dy't er út de natuer en de minsken hellet. Hy fisket en jaget sels ek. Hy wurke as sjoernalist by de Leeuwarder Courant.