Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fryslân Dwerstroch 0202: It Bilt

Fryslân Dwerstroch 0202: It Bilt

28 Oktober 1997

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel twa fan de twadde searje is se op It Bilt. Dit jongste part fan Fryslân wie earder de Middelsee en is ûntstien nei't in dyk oanlein waard. Karin fertelt oer de skiednis fan de Bouhoeke, dêr't de grûn fruchtber is troch de klaai. Se fertelt oer it ûntstean fan de doarpen Sint-Jabik, Sint-Anne, Froubuorren en Aldebiltsyl. De ynfloed fan de Hollânske dykwurkers is yn de strjitnammen werom te sjen.

180713_SADWAANDE_OER_LEAFDE_22_03_2000.mp4

Sadwaande: Leafde

22 Maart 2000

Dizze Sadwaande giet oer de leafde. We sjogge by ferskate stadia fan leafde: we sjogge by in pear dat trout, prate mei twa âldere pearen dy't al 50 jier troud binne en sjogge op skoalle by learlingen dy't noch mar krekt ferkearing hawwe.

Wurktiid TV: Heartbreak Hotel op Skylge

Wurktiid TV: Heartbreak Hotel op Skylge

02 April 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de opbou fan strântinte Heartbreak Hotel op Skylge dat elke simmer wer boud wurde moat. It falt net altyd ta om goed personiel te finen. Bêste kollega is Arie Wiersma, hy wurket by in Jouster boubedriuw en sil mei de VUT. By parketsaak Stoelwinder yn Harns sykje se in wurknimmer.