Fryslân Dwerstroch 0202: It Bilt

28 Oktober 1997

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel twa fan de twadde searje is se op It Bilt. Dit jongste part fan Fryslân wie earder de Middelsee en is ûntstien nei't in dyk oanlein waard. Karin fertelt oer de skiednis fan de Bouhoeke, dêr't de grûn fruchtber is troch de klaai. Se fertelt oer it ûntstean fan de doarpen Sint-Jabik, Sint-Anne, Froubuorren en Aldebiltsyl. De ynfloed fan de Hollânske dykwurkers is yn de strjitnammen werom te sjen. Se fertelt ek oer slûzen, sjocht by in paprikakweker en yn de Van Harenstsjerke dêr't Rembrandt troud is.