Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_MINSKELIBBEN_DOET_VISSER_070399_WR

In Minskelibben: Doet Visser

07 Maart 1999

Gryt van Duinen praat mei Doet Visser, striidster foar it Frysk eigene. Se komt út in húshâlding fan seis famkes. Har âlden hienen in boerespul yn Wetsens. Se fertelt oer har libben en de noed foar it Frysk.

180719_SADWAANDE_OER_SOFTDRUGS_10_01_2001.mp4

Sadwaande: Softdrugs

10 Jannewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer softdrugs. We sjogge yn in coffeeshop, prate mei blowers, in jongereinwurker en in kweker. Prinses op learzens besiket ek wat te smoken.

Linkk Ekstra: Do makkest teater 2

Linkk Ekstra: Do makkest teater 2

17 Jannewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 2 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Dizze kear giet it oer lûd. Se sjocht by de opbou en tariedingen fan de Fryske Stjerrejûn. Elk muzykynstrumint krijt in eigen mikrofoan en al dy opnames komme allegear by elkoar yn in mingpaniel. De lûdstechnikus makket der in miks fan sadat elkenien yn de seal it goed hearre kin. Ek sjocht se by learlingen fan Popmedia en by it wurk fan Linze Valk.