Linkk Ekstra: Do makkest teater 2

17 Jannewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 2 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Dizze kear giet it oer lûd. Se sjocht by de opbou en tariedingen fan de Fryske Stjerrejûn. Elk muzykynstrumint krijt in eigen mikrofoan en al dy opnames komme allegear by elkoar yn in mingpaniel. De lûdstechnikus makket der in miks fan sadat elkenien yn de seal it goed hearre kin. Ek sjocht se by learlingen fan Popmedia en by it wurk fan Linze Valk. Hy fersoarget de lûdsneibewurking fan de programma's by Omrop Fryslân.