Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Wynmûnen

Wurktiid TV: Wynmûnen

26 Juny 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer wynmûnen. Konstruksjebedriuw De Wolff op It Hearrenfean makket se.

LTV_KEUNST_OF_GEUNST_WR

Keunst of geunst

08 Septimber 1996

We sjogge by trije byldzjend keunstners, Anke van Westerlaak, Keimpe Kootstra en Sjon ten Berg, yn Ljouwert dy't fan har wurk net rûnkomme kinne en no yn in trajektbemiddeling fan de gemeente sitte om te sjen oft se út de bystân kinne. Der sitte nochal wat tûkelteammen by dit projekt.

Tritigers 0106: Skulden

Tritigers 0106: Skulden

10 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sechsde diel giet it oer skulden. Ger Jaarsma fan de Kredytbank leit út hoe't it komt dat safolle tritigers skulden ha.