Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Van der Glas op It Hearrenfean

Wurktiid TV: Van der Glas op It Hearrenfean

19 Febrewaris 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Van der Glas op It Hearrenfean. Se meitsje pauken en trommen en reparearje blaasynstruminten. Se ha it drok en sykje nije kollega's. Ek Portijk op 'e Lemmer siket nije minsken, mitselers en stukadoars. Op it arbeidsburo yn Boalsert dogge twa minsken in oprop foar wurk en bêste kollega is Itie Hullegie fan de Ielannen yn Snits.

Fryslân Dwerstroch 0206: Troch de Stellingwerven

Fryslân Dwerstroch 0206: Troch de Stellingwerven

26 Maaie 1998

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel seis fan de twadde searje is se yn de Stellingwerven. Se is by de rivier de Tsjonger, dy't tsjinnet as skieding tusken Fryslân en de Stellingwerven. De rivier is kanalisearje, rjocht makke, en der binne slûzen om't der ferfal yn it ferrin sit. Se sjocht yn Wolvegea dêr't in ferhaal oer Peter Stuyvesant yn it Stellingwerfsk ferteld wurdt, yn Aldeberkeap fertelt se oer de Geitefok.

Wyn op Woansdei: Netwurkmarketing

Wyn op Woansdei: Netwurkmarketing

24 Maart 2004

Programmamakker Albert Jensma sjocht yn de kranten hieltyd faker advertinsjes as: wurkleasheid bestiet net, ast echt wurkje wolst, kinst hjoed noch wol oan 'e slach. Yn de helte fan de gefallen sit der in distributeur fan Herbalife of Forever Living Produkten achter. Minsken dy't oaren sykje produkten te ferkeapjen fia Netwurkmarketing. Hy siket út hoe't dat wurket en praat mei minsken dy't op dizze wize produkten ferkeapje.