Fryslân Dwerstroch 0206: Troch de Stellingwerven

26 Maaie 1998

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel seis fan de twadde searje is se yn de Stellingwerven. Se is by de rivier de Tsjonger, dy't tsjinnet as skieding tusken Fryslân en de Stellingwerven. De rivier is kanalisearje, rjocht makke, en der binne slûzen om't der ferfal yn it ferrin sit. Se sjocht yn Wolvegea dêr't in ferhaal oer Peter Stuyvesant yn it Stellingwerfsk ferteld wurdt, yn Aldeberkeap fertelt se oer de Geitefok. Yn Noardwâlde sjocht se yn it flechtmuseum hoe't in kuorke flechte wurdt en yn Appelskea rint se troch de Keale Dunen en sjocht se by attraksjepark Duinen Zathe.