Wurktiid TV: Agrarysk adressebestân

10 April 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer T. Bruinsma (72). Hy hat nei syn pensjoen in agrarysk adressebestân opset fan alle boeren yn Fryslân. Yn it systeem sitte 6.000 boeren fan alle 400 doarpen. Studinten ha it yn de kompjûter set. Meganisaasjebedriuw Bos yn Easterein brûkt it bestân foar nije klanten.