Ryksplysje op it wetter

27 Septimber 1992

Yn dit programma folgje we de Ryksplysje op it wetter. Troch in kommende reorganisaasje ha de plysjeminsken noed oer de takomst. Har wurk sil foar in grut part oernommen wurde troch regioplysje. De Ryksplysje fart op de Fryske wetters, soms previntyf en faak kontrolearjend. Se komme by alle soarten skippen oanboard, fan beropsfeart oant charter en fan rekreaasje oant speedboat. Sa nimme se meunsters fan wetter dêr't oalje yn oantroffen is, freegje se nei de goede papieren en kontrolearje se op feilichheid. Ek de loftfeart helpt mei troch mei in helikopter oer de wetters te fleanen en ûngeregeldheden te melden. Ek streupers hearre ta it wurkgebiet fan de Ryksplysje.