Nij yn Fryslân 3

04 Jannewaris 1995

Programma dêr't we de famylje Peters yn folgje: heit Johan, mem Alies en 9-jierrige soan Kobus. Se ferhúzje nei Fryslân en komme yn de kunde mei de provinsje en de Fryske taal. Liefke Knol presintearret (yn it Nederlânsk) it programma en jout ynformaasje oer de Fryske taal, wurden en útspraak. Yn dizze ôflevering giet Johan foar it earst nei syn wurk yn it provinsjehûs, mar hy kin it paad net rjocht fine. Op kantoar fernimt er dat syn kollega's Frysk prate. Thús nûgje se de buorlju út om yn de kunde te kommen, en mei de buorfrou besiket Alies de foarstelling Midsimmernachtsdream fan it Iepenloft yn Jorwert.