Op 21 febrewaris 1985 frege hiel Nederlân: koe it net? Of koe it krekt? Mear dan tweintich jier nei de legindaryske tocht fan ‘63 gie it dochs oan! De trettjinde alvestêdetocht wie in feit. Dit is it twadde diel fan in dokumintêre oer de Alvestêdetocht fan ’85.
Op 21 febrewaris 1985 frege hiel Nederlân: koe it net? Of koe it krekt? Mear dan tweintich jier nei de legindaryske tocht fan ‘63 gie it dochs oan! De trettjinde alvestêdetocht wie in feit. Dit is it earste diel fan in dokumintêre oer de Alvestêdetocht fan ’85.
By de Alde Leije begjint foar de Alvestêdetochtriders it swiere stik tsjin de wyn yn nei Dokkum. Mar de ynwenners fan it doarp steane fan moarns oant jûns klear om harren dêr troch te skuorren. Omrop Fryslân makke tidens de tocht fan 1997 in portret fan dit doarp en de ynwenners.
Op de dei foar de fyftjinde Alvestêdetocht hat Omrop Fryslân meardere útstjoerings oer de tariedings foar de 'Tocht der Tochten' makke. Yn dizze útstjoering kinne jo ûnder oaren sjen nei reportaazjes oer: minsken dy’t de Alvestêdetocht in dei earder riden, de foarsoarchsmaatregels yn Bartlehiem en de earstehelppost by de Bonkefeart.
Op de dei foar de fyftjinde Alvestêdetocht hat Omrop Fryslân meardere útstjoerings oer de tariedings foar de 'Tocht der Tochten' makke. Yn dizze útstjoering kinne jo ûnder oaren sjen nei reportaazjes oer: de drokte yn it FEC, de kjeld, de plysje, de favoriten fan de wedstrydtocht en skiedend rayonhaad Visser.
Dit is in neibeskôging fan de tocht fan ’97. Gryt van Duinen stiet mei in live ferbining op it iis fan de Alde Leie. Se praat ûnder oare mei Henk Kroes, Cees Bijl, Willem Poelstra en Jan Stienstra. Dêrneist binne der yn dizze útstjoering reportaazjes oer it publyk en de nacht fan Alde Leije.
Dit is in neibeskôging fan de tocht fan ’97. Yn dizze útstjoering binne reportaazjes oer: de lêste riders om tolve oere, it opromjen nei de tocht, trije Brabanners dy’t mei muoite it krúske helle ha, de ferwûnen yn it sikehûs, petearen mei de toerriders en in petear mei rayonhaad Veldstra.
Yn dizze gearfetting fan de Alvestêdetocht fan 1997 kinne jo ûnder oare sjen nei: de start en de finish fan de tocht, de sfear tidens de tocht en de ferwûne riders yn it sikehûs.
Henk Angenent en Klasina Zeinstra binne de twa winners fan de Alvestêdetocht fan 1997. Troch Omrop Fryslân is der in gearfetting fan dizze spannende dei makke. Yn dizze útstjoering kinne jo ûnder oaren sjen nei: petearen mei de earste Friezen dy’t oer de finish kamen, in reportaazje oer de jûn foar de Alvestêdetocht en de huldiging.
Henk Angenent en Klasina Zeinstra binne de twa winners fan de Alvestêdetocht fan 1997. Troch Omrop Fryslân is der in gearfetting fan dizze spannende dei makke. Yn dizze útstjoering kinne jo ûnder oaren sjen nei: de start, it ferrin en de finish fan de tocht.
Op de dei foar de fyftjinde Alvestêdetocht hat Omrop Fryslân meardere útstjoerings oer de tariedings foar de 'Tocht der Tochten' makke. Yn dizze útstjoering kinne jo ûnder oaren sjen nei reportaazjes oer: ûnderkuolling en de tariedings yn it Antonius sikehûs yn Snits.