Spegels giet oer it Noard-Súd-konsert yn 2003 yn Tsjummearum. Nei it idee fan dirigint Marten Miedema spylje dêr in solist út it noarden en ien út it suden mei de orkesten De Bazuin út Tsjummearum en Studio It Heidenskip, om de ferbining op it mêd fan blaasmuzyk tusken Fryslân en Limboarch oan te heljen. De 95 muzikanten spylje allinnich wurk fan Fryske en Limboarchske komponisten, lykas New Life fan Maurice Hamers, en Music for a Solemnity. De solisten binne trûbadoers Gé Reinders en Piter Wilkens, dy't elk in regionale ferzy fan it nûmer Blaosmeziek/Blaasmuzyk útfiere.
It twadde diel fan it kultuerprogramma Spegels út 2005 oer iepenloftspullen mei Spul om neat fan Ysbrechtum, Lucky Manuelo fan Wergea, De wraak fan it wrâldwiif fan It Bildt en Hurd om hut fan Jobbegea.
Dizze ôflevering út 2005 fan it kultuerprogramma Spegels stiet yn it ramt fan de iepenloftspullen Hair fan Dronryp, Odyssee fan Easterwierrum, Eije Wiekstra fan De Harkema en Puntila fan Burgum.
De operetteferiening Animato út Ljouwert bestiet 45 jier. As jubileumfoarstelling spylje se de musical "Showboot". Douwe gie op besite by Klaas Bruinsma nei oanlieding fan syn oersetting fan de poezij fan Hadewych. En de cd-presintaasje fan it frouljusduo Ygdrassil yn Vera yn Grins.
Douwe Heeringa is op Skylge, by it Oerolfestival. Hy sjocht allerhanne acts op strjitte. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby fan: Convoi Exceptionnel, dy't Sil de Strandjutter bringt. Ek praat er mei de muzykprogrammeur en sjocht er op it Oerolkantoar.
We sjogge op Skylge, by it Oerolfestival. Trije freonen, Jan Spijkerman, Fedde Bergsma en Ton van Andel, filmje op fersyk fan de Omrop har Oerol. Se sjogge allerhanne acts op strjitte. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby.
Douwe Heeringa is op Skylge, by it Oerolfestival. Hy sjocht allerhanne acts op strjitte, lykas muzyk fan Femmes Vattaal. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby fan: Troika, Peer Gynt fan Tryater, Reinier Kelder, Stichting Tuig en The Lunatics.
Douwe Heeringa is op Skylge, by it Oerolfestival. Hy sjocht allerhanne acts op strjitte. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby fan: Les Arts Sauts, Dogtroep, Derevo, Suver Nuver, De Muzen, Wonderbaar, Stichting Papa en Rauw.
In portret fan trûbadoer Doede Bleeker dy't wer de studio ynstapt is om in ferske op te nimmen mei in serieuze ûndertoan: Blijf nyt soa lang fut. Fierder in reportaazje oer toanielskip Sater, dat it stik 'Sletten doarren' (Huis clos) fan Sartre spilet.
Douwe Heeringa praat yn de foyer fan de Harmonie yn Ljouwert mei jazzsjongeres Monique Bakker oer har nije cd. Kees Romers en Anna Keyzer skowe oan om te fertellen oer it grutte Europeeske simmerprojekt Cirque Nouveau; sirkusteater dat op de Øresund-brêge by Sweden útfierd wurde sil. En Maaike Riemersma fertelt oer har muzykteaterfoarstelling 'De sluiers van Mata Hari', dy't yn april op guon plakken yn de provinsje te sjen is.