Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De Dyk Ut 13

De Dyk Ut 13

17 Augustus 1998

De Dyk Ut. Oflevering 13: Harns en Kimswert.

LTV_SASEACH_5_ANTON_STOELWINDER

Sa seach ik Fryslân 5: Anton Stoelwinder

20 Juny 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel fiif Anton Stoelwinder. Hy is beropsfilmer en makke benammen in soad promoasjefilms oer Fryslân, dy't yn it bûtenlân fertoand waarden. As jonkje op de legere skoalle makke er al syn earste spylfilm. De kombinaasje fan kreatyf wêzen en de technyske kant fan it filmjen sprekt him oan. Syn debút op lanlike telefyzje wie in filmke oer Boalsert foar it programma Zeskamp. Der binne ek bylden te sjen út films oer skûtsjesilen, blomkwekerijen en sûnenstsjinst foar dieren.

180628_SADWAANDE_13_02_2002_TOPFROULJU.mp4

Sadwaande: Topfroulju

13 Febrewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer topfroulju. We prate mei trije froulju oer de foar- en neidielen fan froulju yn de top fan it bedriuwslibben en hoe't dat mei de famylje te kombinearjen is. It binne Marijke Migo, direkteur Thialf, Marianne van Hall, baas by SKL en Jolanda van der Meulen dy't nei in karriêre keazen hat om by de bern te bliuwen. Floris siket it ek hegerop.