Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Boppedat: Sinteklaas-kostúmferhier

Boppedat: Sinteklaas-kostúmferhier

02 Desimber 1997

Gerard Eringa hat it alle jierren tige drok yn desimber. Eringa is eigner fan in atelier dêr't se de sinteklazen en piten klear meitsje foar fiif desimber. Ferslachjouwer Miranda Werkman rint in dei mei him mei.

Boppeslach oer de Slachtemaraton

Boppeslach oer de Slachtemaraton

10 July 2000

Reportaazje yn Boppeslach oer it wedstriidpart fan de earste Slachtemaraton. Winner wie Gerrit Kramer fan Boalsert. Maaike Hornstra wie de rapste frou.

LTV_Wieringerma_WR

De Wieringermar ûnder wetter

04 Maaie 2008

Dokumintêre oer it ûnder wetter setten fan De Wieringermar troch de Dútsers op 17 april 1945. Foar de pioniers wie 17 april in ôfgryslike klap. Foar de twadde kear moasten se de polder wer opbouwe. De skiednis wurdt ferteld troch bern fan doe: Tjeerd Veenstra, Broer Holtrop, Tine Viersen, Cees Meeuwsen en Sytse Faber.