Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Skriuwers yn byld: De debutanten

Skriuwers yn byld: De debutanten

01 July 1990

Trije jonge Fryske skriuwers komme oan it wurd: Jetske Bilker debutearret mei Imitaasjelear, Margryt Poortstra hat it skriuwen nei 15 jier wer oppakt en Tjitze de Jong is dwaande mei syn boek 32 doarren dat noch ferskine moat. Min oftemear tafallich wenje de skriuwers allegear bûten Fryslân.

LTV_TUSKEN_KORPS_EN_KONSERTGEBOU

Jacob Slagter: tusken korps en Concertgebouw

13 Maart 1994

In portret fan hoarnist Jacob Slagter. Hy begûn op de bugel by it korps yn Kollum en is no earste hoarnist by it Concertgebouworkest yn Amsterdam. Hy fertelt wat muzyk foar him betsjut. We sjogge by de repetysjes en ek by de cd-opnamen fan Excelsior fan Feanwâldsterwâl dêr't er op meispilet. Elk is tige oer syn kwaliteiten te sprekken, ûnder oare dirigint Riccardo Chaily. Slagter dirigearret sels ek en jout les oan konservatoariumstudinten.

Wyn op Woansdei: Digitaal traapfjild

Wyn op Woansdei: Digitaal traapfjild

07 April 2004

Programmamakker Annet Huisman is wer yn de Frijheidswijk yn Ljouwert, dy't de namme fan in probleemwyk hat. Ferline jier soarge in sjitpartij by it winkelsintrum foar in protte ûnrêst. Der is no goed nijs: it digitale traapfjild. Dit inisjatyf waard bekroand ta 'bêste traapfjild fan Nederlân'. Minister Sybilla Dekker besocht it gebou mei de 25 kompjûters en seach oer it skouder fan de allochtoane bern dy't dêr chatte, spultsjes dogge of húswurk meitsje. Bern en folwoeksenen krije kursus en leare om te gean mei de kompjûter en ynternet.