Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_DE_EARSTE_PEAL

De earste peal

02 Oktober 1994

Yn dit programma sjogge we wêrom't bedriuwen (of filialen) har yn Fryslân fêstigje. Provinsje, gemeenten en de NOM dogge alle war om bedriuwen te lokken mei goedkeapere grûnprizen. We hearre by ferskate bedriuwen wat har motivaasje is: Houtgroep Nederland en Johnson Polymer op It Hearrenfean, Motip yn Wolvegea , Veenstra Instruments op De Jouwer, en we sjogge by Lasaulec, Utermöhlen en Supertron. Yn Boalsert wurdt de earste peal slein foar Van de Leur Banketspecialisten.

LTV_FLYLAN1_DOKTERDEEN_FR_090602_WR

Dokter Deen op Flylân: dokter fan elkenien

09 Juny 2002

Dokter Deen is al 10 jier húsdokter op Flylân, mei syn frou Helga hat er de (apteekhâldende) praktyk. Hy is net inkeld dokter, mar ek feedokter, toskedokter, geriater, psycholooch, bedriuwsdokter, maatskiplik wurker en noch mear. Yn syn praktyk komt er alles tsjin, fan berte oant dea. We sjogge him oan it wurk op it sprekoere, as er fisites rydt, by de maneezje is, help ferlient, mar ek as koarlid en trou-amtner. Hy fertelt oer syn wurk en de foar- en neidielen op in eilân, dokter binne je altyd. Eins is der ferlet fan in twadde dokter op it eilân.

WEROMBLIK--Heamiel-3-FNO230620MS

Hjoed: Heamiel 1998

25 Juny 1998

Goed 500 ynwenners fan Boalsert diene yn 1998 mei oan it tradisjonele Heamiel. Heakeninginne Marije Mulder siet oan it haad fan de tafel.