Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Frysk Festival: de makkers fan it ABE spektakel

Frysk Festival 2: de makkers fan it ABE spektakel

10 Septimber 1995

It Frysk Festival hie as tema 'Salut au Monde' nei in gedicht fan Walt Whitman. It festival waard ien kear yn de fiif jier organisearre. Trije wiken lang brocht Fryslân in kulturele groet oan de wrâld fol mei tal fan ferskate projekten. Ien fan de grutte projekten wie in fuotbalteäterspektakel oer fuotballeginde Abe Lenstra yn it stadion op It Hearrenfean. Yn it stik wurdt it libbensferhaal fan Abe ferbylde mei dêrtusken troch de ferneamde wedstriid fan Hearrenfean tsjin Ajax dy't de Friezen nei achterstân dochs wûnen.

LTV_DoutzenKroes-Frysk-topmodel-yn-Milaan_WR

Doutzen Kroes. Frysk topmodel yn Milaan

21 Maaie 2006

We folgje Doutzen Kroes (21) fan Eastermar by har wurk yn Milaan. Nei de havo soe se nei de pabo, mar dat rûn oars. Nei't se wat fakânsjefoto's opstjoerde nei in modelleburo yn de hoop op in bybaantsje, is se no in ferneamd model en sakefrou. "Ik bin myn eigen bedriuw." We sjogge achter de skermen by moadeshows, castings en fittings. Se fertelt oer har libben as topmodel, oer de moaie glamourkant, mar ek oer de mindere kanten sa as de iensumheid, de lange dagen en it reizgjen. Ek binne we by har thús yn Eastermar, se wol goeie dingen mei har jild dwaan.

Geert! S01E02: Kûbaard

Geert! S01E02: Kûbaard

25 Maart 2003

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Kûbaard. Hy praat mei tal fan ynwenners, lykas Marten Sybesma oer it grut tal keunstners yn it doarp. Mei Ger van Putten is in petear oer wynenerzjy. Geert praat ek mei minsken fan de begraffenisferiening De Laatste Eer dy't 100 jier bestiet en mei boatebouwer Harrie Vermeulen. De live-muzyk komt fan de Fryske band Reboelje.