Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0605

Sybe Satellyt 0605

16 Jannewaris 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Yn dizze útstjoering praat Sybe mei Jeen van der Berg oer de Alvestêdetocht. Dêrnei giet Sybe wer mei Sake op paad. Dizze kear giet Sybe it iis op om wat te learen oer fûgels yn de winter. As letst sjocht Sybe by Greidhof yn Reduzum. In plak wer ferstanlik beheinde minsken de dei troch bringe kinne.

Marten de Mûs: Wa bisto?

Marten de Mûs: Wa bisto?

31 Maaie 1988

De aventoeren fan Marten de Mûs.

LTV-It-nije-learen-yn-it-beropsunderwiis_WR

It nije learen by it Friesland College (beropsûnderwiis)

05 Maart 2006

By It Friesland College (beropsûnderwiis) wurdt ynset op it nije learen: praktykstjoerd ûnderwiis. Gjin roasters, fakken en sifers, mar coaches, leartrajekten en prestaasjes. We sjogge by FC-XL foar learlingen dy't noch gjin beropskar makke ha en by saaklike tsjinstferliening. De skoalle leit út wêrom't se hjirfoar kieze, dosinten en learlingen komme oan it wurd en ek heechlearaar ûnderwiiskunde oan de RUG dy't kritysk op dit soarte fan ûnderwiis is. Learlingen leare sa gjin kennis en feardichheden. Ek net alle leararen kinne har yn dizze foarm fine.