Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

CAMPING_7_WR

In dei op de camping 7: De Vlegel yn Sânhuzen

03 Septimber 1997

Sfearympresje fan de camping en de gasten. De Vlegel is de iennige camping foar homoseksuele manlju yn Europa. De gasten komme oeral wei, net folle út Fryslân.

STERKEYERKE_WR

Reaklif: de Sterke Yerke

16 Novimber 2005

It ferhaal fan in groepke fan fjouwer jonge aventoeriers dy't yn 1979 mei harren selsboude flot, de Sterke Yerke, de oseaan oerstekke wolle nei Curaçao. Spitigernôch spat de dream nei 126 dagen op in klif foar Bonaire útinoar.

De Nije Skoalle 4: LBO en MBO

De Nije Skoalle 4: LBO en MBO

28 Jannewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De fjirde útstjoering giet oer it LBO en MBO. As de bern in kar makke hawwe foar de MAVO, dan kinne se dêrnei trochgean op it leger of middelber beropsûnderwiis. Ferskate rektoaren, leararen en oare saakkundigen fertelle oer dizze opliedings.