Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0201

ABD-sjoo 0201

17 Septimber 2002

De ABD-Sjoo is in kwisprogramma foar basisskoallen presintearre troch Jan Arendz. Yn dizze ôflevering nimt de Burgerskoalle fan Dokkum it op tsjin de Thomas van Aquino-skoalle út Snits.

BOPPEDAT160594

Boppedat: 10e roei-alvestêdetocht

16 Maaie 1994

De alvestêde-estafettetocht foar roeiers hie yn 1994 in jubileum. Foar de tsiende kear wie de start yn Ljouwert. Om acht oere jûns sette dêr de earste boat ôf foar de lange tocht dy't ek nacht gewoan trochgie. Yn Balk moast der 600 meter "klúnd" wurde by de Luts del.

Sealter-Friezen 03

Sealter-Friezen 03

09 Augustus 1996

Yn it lêste diel oer de Sealter-Friezen omtinken foar de aktiviteiten dy't de taal wer nij libben ynblaze moatte.