Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Winter yn Fryslân yn 1996

Winter yn Fryslân yn 1996

21 Febrewaris 1996

Langlaufe, in ritsje op in belslide of nei in iiskeunstwurk sjen. Ein febrewaris 1996 wie der genôch foar minsken om te dwaan yn Fryslân.

180628_SADWAANDE_13_12_2000_FRYSK_ITEN.mp4

Sadwaande: Frysk iten

13 Desimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer Frysk iten. Kok Jacob Holwerda fan Het Rechthuis lit sjen wat er mei Fryske streekprodukten meitsje kin. Hy hellet moal fan de mûne yn Burdaard en de garnalen komme fan Lauwerseach. En twa minsken nimme it tsjin elkoar op yn de snert-wedstriid. Prinses op learzens nimt allerhanne iten mei nei hûs by Yankee Doodle.

Sybe Satellyt 0303

Sybe Satellyt 0303

10 Novimber 1992

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe fynt út hoe't molke yn fabriken ferwurke wurdt ta ûnder oaren tsiis. Hy sjocht by it fabryk yn Warkum. De bern fan de kristlike basisskoalle De Regenboog yn Wikel ha in fervekakker makke. En wat sit der yn de braakballen fan in ûle? Johan Fokkema fan it Natuermuseum jout útlis. En Cees Ras fertelt oer sike beammen troch soere rein.