Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_OARS_BUORKJE_011095_WR

Oars buorkje

01 Oktober 1995

We sjogge by trije projekten dy't oars mei de lân- en túnbou omgean wolle. In feehâlder by Grou is oerstapt op ekologysk buorkjen, dus sûnder bestridingsmiddels. Ferskate boeren ferbouwe soarten beien om dêr wyn fan meitsje te litten, lykas flearbei en by de Waadkust wurdt seeaster ferboud.

Sadwaande_Famyljebedriuwen_27_03_2002

Sadwaande: Famyljebedriuwen

27 Maart 2002

Dizze Sadwaande giet oer famyljebedriuwen. We sjogge by trije famyljebedriuwen: supermerk Vlasma yn Kollumerpomp dy't lêsten de doarren slute moast, meubel- en bêdesaak Meulen en Baarsma yn Oentsjerk en Dokkum en slachterij De Jong op De Jouwer. De eigeners fan de supermerk koenen it bedriuw net oerdwaan oan de bern fanwege konkurrinsje. De beide soannen Van der Meulen sitte yn de saak en ek de bern fan De Jong wurkje yn de slachterij. Floris lit sjen dat der ek skaadkanten binne oan in famyljebedriuw.

LTV_SPITKEET_SERRE_WENNINGWET_2_190502_WR2

Fan spitkeet oant serre (diel 2)

19 Maaie 2002

Twalûk oer de wenningbou troch de jierren hinne. We sjogge in soad argyfbyld. Nei de oarloch begjint de Wederopbouw, der is grut ferlet fan wenningen. Duplekswenningen en spitlevelwenningen wurde ûntwurpen en nije wiken as Bilgaard mei allerhanne wenfoarmen yn ien wyk, fan leech- oant heechbou mei foarsjenningen en in hoop grien. De earste bewenners fan Heechterp wenje noch altyd yn de Ljouwerter wyk. Yn Hallum waard de 50.000ste wenningwetwenning oplevere yn 1966, de bewenners wenje der no noch.