Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen 0201

Tûkelteammen 0201

30 Septimber 2003

De earste ôflevering fan it twadde seizoen fan de taalkwis Tûkelteammen. Yn team 1 sitte aktrise en sjongeres Maaike Schuurmans en Teade Kingma; yn team 2 sjonger Meindert Talma en Piter Postma.

Hjoed: Hûneshow 28 maart 2005

Hjoed: Hûneshow 28 maart 2005

28 Maart 2005

De konkurrinsje tusken de ferskate hûneshows yn Nederlân wurdt te grut. Dêrtroch luts de ynternasjonale hûneshow yn Ljouwert wer minder hûnen as ferline jier. Sa stelt de organisaasje. Krapoan 2100 hûnen wiene der oanmeld, yn de heechtiidsdagen wiene dat der 500 mear. De ferskate hûneshows binne sa flak achterinoar pland dat minsken in kar meitsje moatte.

Wyn op Woansdei: Megapark

Wyn op Woansdei: Megapark

31 Maart 2004

Programmamakker Gerard van der Veer ûndersiket hoe't it Megapark, foar grutte ynternasjonale bedriuwen, by It Hearrenfean mislearre is. Yn it 10-jierrich bestean fan dit yndustryterrein hat allinne it kompjûterassemblaazjebedriuw SCI him hjir fêstige, mar dat bedriuw is ek al ticht. Hy reizget troch it gebiet fan 80 bunder dêr't it no liket te spûkjen en praat mei de minsken dy't yn 1993 mei de plannen fan it Megapark konfrontearre waarden.