Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0306

Sybe Satellyt 0306

16 Febrewaris 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering fertelt Sake Roodbergen oer snieklokjes en ayttablomkes, St. Piter leit út wer syn tradysje wei komt en Sybe leart mear oer UFO’s.

LTV_SASEACH_4_SJOERD_ANDRINGA

Sa seach ik Fryslân 4: Sjoerd Andringa

13 Juny 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel fjouwer Sjoerd Andringa. Hy wie parsefotograaf by it Friesch Dagblad, mar filme dêr ek by. Hy naam altyd in trepke mei om sa boppe de mannichte goed byld te meitsjen. Hy makke net inkeld famyljefilms mar filme ek eveneminten, lykas de autocross yn Hallum en in tintetentoanstelling yn de Prinsetún yn 1959.

LTV_Takomst-fan-de-romte-1_WR

De takomst fan de romte (diel 1)

25 Febrewaris 2007

Hoe wurdt omgien mei de romte yn Fryslân? Mei it each op de Steateferkiezings 2007 sjogge we hoe't in nij provinsjaal bestjoer fierder moat mei wenningbou, de oanlis fan bedriuwsterreinen en diken. Yn dit earste diel omtinken foar in tal romtlike knyppunten en lânskiplike bedrigingen. Ferskate saakkundigen komme oan it wurd lykas planologen en demografen.