Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

TLJOCHTOP_160896_WR

It Ljocht Op: Jappie Walstra

16 Augustus 1996

In portret út 1996 fan hânbôgesjitter Jappie Walstra fan De Tynje. Nei in ûngelokkige fal op jonge leeftyd bedarret er mei in brutsen rêch yn in rolstoel. Yn it programma Sterrenslag op telefyzje sjocht er it hânbôgesjitten, in sport dy't je mei faliden meidwaan kinne. Yn 1996 sil er foar de fjirde kear meidwaan oan de Paralympics. Hy giet foar de top trije.

LTV_FOARUTGONG_LEECHSTAN_290998_WR2

De foarútgong: oer sloop en nijbou fan hierwenningen

20 Septimber 1998

Yn de jierren 1950 en 1960 binne yn Ljouwert in soad sosjale hierwenningen boud, yn de foarm fan flats yn nije wenwiken Heechterp en Bilgaard. In tal fan dy flats wurde no sloopt, net alle bewenners binne dêr wiis mei. Yn de jierren santich kaam der stedsfernijing mei de wyk Aldlân, hierhuzen dêr't no leechstân is wylst der ek plannen binne foar nijbou.Foar- en tsjinstanners fan dizze plannen om leechstân oan te pakken komme oan it wurd.

LTV_TONYFEITSMA_WEROMROP

Wat beweecht Tony Feitsma?

20 Juny 1999

Tony Feitsma (1928-2009), âld-professor Fryske taal en letterkunde wie striidber as it om Fryske oangelegenheden gie. Oer de rol fan de Fryske beweging giet se yn dit programma yn diskusje mei skriuwer Piter Boersma. Dit portret út 1999 is gearstald troch Gryt van Duinen.